Soarchbrief foar ynwenners fan Ljouwert

19 nov 2014 - 12:50

Ynwenners fan de gemeente Ljouwert dy't soarch nedich hawwe, krije dizze wike in brief fan de gemeente yn de bus. Dêryn leit de gemeente út wat der op it mêd fan de soarch foar harren feroaret. It giet om sa'n 4500 ynwenners. Wethâlder Andries Ekhart seit mei klam dat der foar de measten neat feroaret yn 2015, dat as in 'oergongsjier' jildt. Elkenien krijt in petear mei it saneamde 'wykteam', sadat de gemeente elkenien dy't soarch nedich hat goed yn byld krijt.

Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 wurde de gemeenten ferantwurdlik foar de soarchtaken en kontrakten mei soarchynstellings. No leit dy ferantwurdlikheid noch by it Ryk. Nettsjinsteande de ûnrêst dy't dat opsmyt is wethâlder Ekhart optimistysk oer it proses. Hy ferwachtet dat elkenien goede soarch hâlde sil, allinnich de wize wêrop wurdt faaks oars.

Trefwurden: 
Ljouwert soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)