Biltse Kultuerpriis foar Hilarides en Elings

Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings
Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings krije de Biltse Kultuerpriis fan 2014. Neffens de sjuery betsjutte beide manlju in soad foar de Biltse kultuer. Hilarides is muzikant en Eilings is skilder. Mar tegearre dogge se ek in soad foar de Biltse kultuer. Sa spylje se tegearre yn de 'Rebound Boogie Bent' en hawwe se in kollum yn de Bildtse Post. Hein Jaap Hilarides skriuwt de teksten en Hendrik Eilings makket de yllustraasjes derby.
De kultuerpriis wurdt op 18 desimber útrikt troch wethâlder Boukje Tol.