Soarchkontrakten gemeente Ljouwert ûndertekene

19 nov 2014 - 11:19

De kontrakten dy't Fryske gemeenten fan 2015 ôf ferantwurdlik meitsje foar de útfiering fan de jeugdsoarch, wurde woansdei tekene troch wethâlder Thea Koster fan Ljouwert. It foech oer de jeugdsoarch leit no noch yn hannen fan it Ryk. Fryslân hat takom jier 160 miljoen euro foar jeugdsoarchkontrakten beskikber, dat is in koarting fan tsien prosint yn fergelyk mei dit jier. 83 Miljoen dêrfan komt beskikber foar it meitsjen fan provinsjale ôfspraken, de rest wurdt lokaal oer de gemeenten ferdield.

It Ryk is by de berekkening útgien fan sifers út 2012. Dat kin noch foar swierrichheden soargje, omdat de jeugdsoarch yn 2014 folle djoerder wie. Wethâlder Koster hat besifere dat der takom jier net 83 mar 92 miljoen euro komme moat foar regionale ôfspraken mei jeugdsoarchynstellings. Se hopet dat it Ryk dat bedrach oanpasse wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)