Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Leagen 2.3

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 3 fan ôflevering 2.
Denise giet nei it hûs fan Lionel. Se mei der net yn. Tegearre mei Kevin hackt se it mailaccount fan Lionel en se dogge in bjusterbaarlike ûntdekking.