Gjin 24-oers eveneminten mear yn de Griene Stjer

18 nov 2014 - 22:29

De gemeente Ljouwert hat in streek helle troch de organisaasje fan 24-oers festivals of feesten yn it gebiet de Griene Stjer, tusken Ljouwert en Tytsjerk. It Psy-Fi feest duorre fiif dagen en nachten, Dêr binne safolle klachten oer binnenkaam by de gemeente, dat soks tenei net mear mooglik is. Wat de oare festivals en feesten, bygelyks yn Ljouwert, oanbelanget, feroaret der net folle. Der binne klachten, mar net sa'n soad.

De doarpen dy't fanút Boarnsterhim by Ljouwert kaam binne rinne wat fêst mei it Ljouwerter belied, mar de gemeente seit ta dat se hjir en dêr by doarpsfeesten de tiden en lûdsnoarmen wat ferromje sille as der om frege wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)