Yn 2018 fjouwer treinen per oere op trajekt Ljouwert-Snits

© Omrop Fryslân
Mei yngong fan 2018 sille de treinen tusken Ljouwert en Snits yn de spitsoeren fjouwer kear per oere ride. No is dat noch trije kear. Om dit mooglik te meitsjen moat it spoar tusken de beide stêden oanpakt wurde. De provinsje Fryslân, it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu en Prorail ha hjiroer finansjele ôfspraken makke. De totale ynvestearring is sa'n alve miljoen euro. Bûten de spitsoeren om sil de trein twa kear yn de oere ride.
Troch de treinen krekt wat hurder ride te litten en in oantal wiksels oan te passen is de saneamde 'kertiertsjinst' mooglik.