Basisskoalle De Vossenburcht wint 'dance battle'

Dûnsje is wer hip. Oeral bin folwoeksenen en bern wer mei dûns oan 'e gong. Faaks ynspirearre troch tv-programma's, sjoch je no ek op oare plakken saneamde 'dance battles'. Om de bêste dûns-crew fan de Ljouwerter basisskoallen waard tiisdei striden yn skouboarch De Harmonie.
Fan de 18 dielnimmende skoallen waard iepenbiere basisskoalle De Vossenburcht úteinlik de winner.