Ferfiersferbod foar plomfee ynlutsen

18 nov 2014 - 19:07

It lanlike ferfiersferbod foar fûgelguod, aaien en plomfeedong is sûnt tiisdeitejûn seis oere ynlutsen. De fûgelgryp by in plomfeebedriuw yn it Utrechtse Hekendorp is net fierder ferspraat. Steatssikretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken makke bekend dat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit by fjirtjin bedriuwen binne in striel fan tsien kilometer om de buorkerij yn Hekendorp gjin fûgelgryp ûntdutsen hat. Wol bliuwt yn it hiele lân noch tritich dagen de ophokplicht jilden om de kâns op besmetting sa lyts mooglik te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)