Cambuur ferliest oefenwedstriid fan Twente

© Omrop Fryslân
SC Cambuur hat tiisdei mei 3-2 ferlern fan FC Twente. Yn Hengelo kaam Twente al nei trije minuten op in 1-0 foarsprong. Kasper Kusk wie de doelpuntemakker. Nei rêst rûn Twente út nei 3-0, troch twa goals fan Torgeir Børven. Nei de tredde goal fan de Tukkers, wie it de beurt oan Cambuur. Troch twa doelpunten fan Martijn Barto kamen de Ljouwerters noch tichtby de lykmakker.
SC Cambuur spile lang net mei de folsleine A-seleksje. In protte reservespilers krigen de kâns har sjen te litten.