Gemeente wol oanlis wetterskykabelbaan trochsette

18 nov 2014 - 16:42

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân sette de plannen troch om by De Potten by Snits in wetterskykabelbaan te realisearjen. Yn septimber binne de plannen ek al bepraat en doe wie der by de polityk soarch oer de fersteuring fan de oare rekreaasje yn it gebiet en oer lûdsoerlêst. Yntusken is dêr ûndersyk nei dien en neffens it kolleezje falt it allegearre bot ta.

It is noch de fraach oft de gemeenteried like entûsjast is as de wethâlder. De gemeenteried moat noch wol grien ljocht jaan foar de wetterskybaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)