Jonge (13) brekt ankel by oanriding yn Terwispel

18 nov 2014 - 11:36

In 13-jierrige jonge út Aldeboarn is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Koaibosk by Terwispel. De jonge stie op de dyk en die krekt in stap nei achteren op it momint dat in auto achter him lâns ried. De 19-jierrige bestjoerder út Drachten koe in oanriding net mear foarkomme.

It slachtoffer bruts syn ankel en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding ankel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)