Wetterskip lit muskusrotten even mei rêst

18 nov 2014 - 11:31

De muskusrotten yn Fryslân hawwe oant woansdeitemiddei frij spul. De Rykstsjint fan Undernimmend Nederlân hat besletten om de bestriding fan de wetterkninen stil te lizzen. Se dogge dit fanwege de útbraak fan fûgelgryp op in bedriuw yn it Utertse Hekendorp. It wetterskip fiert dizze maatregel út.

Ornaris geane ynspekteurs de boerehiemen op, mar no wurdt ynspektearre fan de dyk ôf. De 42 muskusrottebestriders geane net it fjild yn. Se hâlde har salang dwaande mei ûnderhâldswurk, seit teamlieder Jappie Nagelhout fan Wetterskip Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)