Soad belangstelling foar boargemasterspost Flylân

Gemeente Flylân
Der wolle dit kear mear minsken boargemaster fan Flylân wurde as by de foarige fakatuere. Yn 2009 wienen der 30 sollisitanten, no binne dat der njoggen mear. It giet om 30 manlju en njoggen froulju. De measten binne tusken de 50 en 60 jier âld en in grut diel is lid fan de VVD. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma makket in seleksje út de kandidaten en leit dy foar oan de gemeenteried.
De nije boargemaster wurdt de opfolger fan Yorick Haan, dy't ferline jier opstapte. De funksje wurdt no waarnommen troch Ella Schadd.
Sy bliuwt oant de nije boargemaster begjint. Nei alle gedachten is dat yn de maaitiid fan 2015.