Hast 100 ynsprekkers by harksitten wynmûneplannen

Ferdield oer fjouwer jûnen sille mei-inoar 99 minsken ynsprekke op de harksitten oer it pleatsen fan wynmûnen yn de provinsje. Yn it provinsjehûs yn Ljouwert is moandeitejûn de earste fan de fjouwer jûnen, dêr't 24 sprekkers oan it wurd komme.
Deputearre steaten hâlde fêst oan plannen om wynmûnen te pleatsen yn de Iselmar en by de Ofslútdyk. Dat beslút falt lang net by elkenien goed. Tsjinstanners fan de plannen demonstrearren moandeitejûn foarôfgeand oan de harksit tsjin de plannen.
De fraksjes yn provinsjale steaten tinke mei alles wat der sein wurdt úteinlik in goed oerwage beslút nimme te kinnen. Op 17 desimber nimme provinsjale steaten in defintyf beslút.