Deadebetinking De Jouwer makket trochstart

17 nov 2014 - 19:02

Der komt takom jier dochs in 4 maaie-betinking op De Jouwer. De Stichting Nasjonale Betinking makket in trochstart ûnder de namme Herdenken Nieuwe Stijl. Earder liet de stichting witte dat se nei 20 jier net langer in betinking organisearje woe, om't de gemeente gjin subsydzje mear jaan wol.

De stichting krige safolle tillefoantsjes fan âld en jong dat se no dochs fierder sille. Ek melden har tal fan nije frijwilligers dy't meihelpe wolle om de karre de kommende jierren te lûken. De stichting sil op syk nei donateurs foar de betinking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)