Minister: "Nim alle dagen in skjin keukendoekje"

17 nov 2014 - 15:31

"Soargje alle dagen foar in skjin oanrjochtdoekje." Dat is it opmerklike advys dat minister Schippers fan Folkssûnens moandei nei bûten brocht hat. De sifers binne neffens de minister dúdlik: alle dagen rinne twatûzen Nederlanders in itensfergiftiging op.

Om dêr feroaring yn te bringen, wol de minister minsken mei in nije kampanje wize op de risiko's fan skealike baktearjen yn ús keukens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)