Twa Fryske restaurants behâlde Michelin-stjer

© ANP
Twa Fryske restaurants behâlde harren Michelin-stjer. Dat is moandeitemoarn yn Maastricht bekend makke. Restaurant Elevé yn it WTC hotel yn Ljouwert en restaurant De Koriander yn Drachten hienen al in stjer en hâlde him ek. Sjefkok Jan Gaastra fan De Koriander krige fyftjin jier lyn foar it earst in stjer. Restaurant Elevé, it eardere Froukje State, hat ek al jierren in Michelin-stjer.
Yn Nederlân hawwe no 79 restaurants in Michelin-stjer. Twa hawwe sels trije stjerren.