Grutskalige beamkap yn Frjentsjerterbosk giet troch

17 nov 2014 - 12:22

De grutskalige kap yn de Frjentsjerterbosk giet troch. Protesten dêrtsjin hawwe neat úthelle. Doel is om de bosk mei de helte út te tinjen, sadat der romte en ljocht yn komt. In soad Frjentsjerters fine dat te bot. Se binne benaud dat de bosk fernield wurdt. De tsjinstanners wolle net alles yn ien kear kappe. Se wolle alle jierren wat dwaan, mar dêr kin wethâlder Bekkema him net yn fine.

It wurk set freed útein yn oanwêzigens fan âld-minister Gerrit Braks. Hy hat 28 jier ferlyn ek de earste beam plante.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)