Moreel berop op eigeners solitêre wynmûnen

17 nov 2014 - 12:04

Santjin Fryske eigeners fan solitêre wynmûnen hawwe subsydzje oanfrege foar in nije mûne as ferfanging fan de besteande. De Nederlandse Vereniging Omwonenden Windturbines fynt dat eigeners de útkomst fan de wynmûnediskusje yn Fryslân ôfwachtsje moatte. De provinsje lit mooglik alle wynmûnen yn de Iselmar pleatse.

Ferfanging hoecht net, want de besteande solitêre wynturbines kinne noch wol tsien jier mei, fynt de organisaasje. De subsydzje is dêr ek net foar bedoeld. Boppedat wurdt it in stik dreger om de nije wynmûnen aanst fuort te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)