Swiere mishanneling yn hûs fan eks-freondinne yn Grou

17 nov 2014 - 10:15

In 24-jierrige Grouster is sneintejûn oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling en fernieling. De man wie mei geweld it hûs fan syn eks-freondinne yngien. Hy rjochte earst fernielings oan. Dêrnei foel er in 21-jierrige Grouster oan dy't ek yn it hûs wie. Dy krige klappen tsjin de holle en de oanfaller knypte him de kiel ticht.

It slachtoffer wist te ûntkommen en warskôge de plysje. Dy hat de oanfaller letter oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Grou mishanneling eks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)