Tachtich ynsprekkers op ynfogearkomsten oer komst wynmûnen

17 nov 2014 - 08:50

Mei tal fan ludike protestaksjes wurdt moandei yn Fryslân omtinken jûn oan de komst fan wynmûnen yn de provinsje. Hast tachtich ynsprekkers hawwe har oanmeld foar de ynsprekbyienkomsten fan de provinsje oer de foarstellen foar de plakken dêr't de wynmûnen komme moatte. Fanwege it grutte tal oanmeldings wurde foar de harksitten net trije, mar fjouwer jûnen útlutsen.

Op 17 desimber sille provinsjale steaten in beslút nimme oer it útstel fan deputearre steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)