Wijbe Abma oandien troch dea Peter Kassig yn Syrië
De Fryske studint Wijbe Abma is bot oandien troch de dea fan de Amerikaanske helpferliener Peter Kassig. Dat meldt RTLNieuws. Kassig waard yn it wykein yn Syrië fermoarde troch de ekstremistyske islamityske organisaasje IS. Abma koe Kassig om't beiden help ferlienden yn Syrië.
Abma hat oant ferline jier tekkens brocht nei it lân, mar is dêrmei ophâlden. Neffens him wie it net langer ferantwurde om't it te gefaarlik is.