Sipke Ernst wint Remco Heite skaaktoernoai

17 nov 2014 - 06:16

Skaker Sipke Ernst hat ferrassend it Remco Heite skaaktoernoai yn Wolvegea wûn. Ernst wûn it ynvitaasjetoernoai troch yn de lêste wedstriid te winnen fan mearfâldich Nederlânsk Kampioen Loek van Wely. Syn konkurrinten Fridman en Reinderman wûnen harren lêste partij net, wêrtroch Ernst ynienen allinnich oan kop stiet. De oerwinning foar Ernst, âld-ynwenner fan Damwâld, is ferrassend om't hy kwa ranking it leechste stie fan alle dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)