Spanning op Heite-skaaktoernoai yn Wolvegea

In soad spanning by it Remco Heiteskaaktoernoai dit jier. Yn Wolvegea stiene nei fjouwer wedstriden trije skakers boppe-oan, wêrûnder Sipke Ernst, foarhinne fan Damwâld. Syn ien-nei-lêste wedstriid spilet er remise tsjin L'Ami. Dêrmei ferfoaret der neat, want ek syn konkurrinten spilen remise.
Ernst is no 35 jier en de nûmer 15 fan Nederlân. Ernst libbet fan de sport, mar benammen troch it jaan fan trainingen. Dêrtroch hat er net mear de ambysje om ynternasjonaal troch te brekken. De winner fan it toernoai wint ûnder oare in hynder.
De lêste wedstriid is no noch dwaande. De einútslach fan dizze spannende edysje fan it Remco Heite skaaktoernoai, ferneamd nei de âld-boargemaster fan Weststellingwerf, komt yn de rin fan de sneintejûn.