Wetterpoarte-plomfeeshow Snits giet net troch

16 nov 2014 - 16:31

De jierlikse Wetterpoarteshow fan plomfee en kninen, dy't woansdei yn Snits begjinne soe, giet net troch. Dat hat de organisaasje sneintemiddei besletten. It is foar harren in te grut risiko nei it ferfiersferbod dat ynsteld is fanwege it útbrekken fan fûgelgryp by in bedriuw yn de provinsje Utrecht.

Dat ferbod rint yn prinsipe woansdeitemoarn wol ôf, mar it is net útsletten dat it ferlingd wurdt. De skeapost komt foar de organisaasje op goed 1500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)