Stoned fan Den Helder nei It Hearrenfean

16 nov 2014 - 15:06

By in kontrôle op de Dimpte Molewyk op It Hearrenfean hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein in 30-jierrige ynwenner fan Den Helder oanhâlden. Syn auto stonk nei himp. Dat hie er ek by him, en ek trof de plysje 85 XTC-pillen oan. De man joech fierder ta dat er dyselde deis op in feestje kokaïne, GHB en weed hân hie.

Der is him in bloedproef ôfnommen en hy is syn rydbewiis kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)