Muzykstream Kryst mei Douwe wer beskikber

16 nov 2014 - 11:32

Foar de minsken dy't mei alle diskusjes no al skjin har nocht hawwe fan Sinteklaas en net wachtsje kinne op de krystdagen: Sûnt sneintemoarn is de muzykstream fan Douwe Heeringa mei allinnich krystmuzyk wer online set.

Douwe Heeringa aktivearre de online muzykstream live yn syn radioprogramma Mei Douwe. Oant it nije jier kin op www.krystmeidouwe.nl non-stop harke wurde nei krystmuzyk út de hiele wrâld. It giet om in grienmank fan klassike krystmuzyk, wrâldmuzyk en it mear populêre wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)