Ek goud foar Wüst op 1500 meter yn Japan

16 nov 2014 - 11:05

Ireen Wüst hat by de wrâldbekerwedstriden yn Obihiro yn Japan har tredde gouden medalje helle. Nei de súksessen op de 3000 meter en de ploege-achterfolging wie se ek op de 1500 meter de rapste. Wüst ried in nij baanrekôr (1.56.93). Marrit Leenstra fan Wikel einige mei 1.57.76 koart achter Wüst, der wie brûns foar de Russin Skokova. By de manlju gong de winst op de 1500 meter nei Kjeld Nuis. Syn tiid: 1.45.97.

Wouter olde Heuvel en Koen Verweij pakten it sulver en brûns. Sven Kramer (1.47.68) kaam net fierder as it achtste plak.

Op de 500 meter waard Jan Smeekens twadde. Nei de winst op freed moast de ynwenner fan Snits no de Rus Pavel Kulizhnikov foargean litte. De tiden: 34.96 om 35.10. Margot Boer kaam krekt njonken it poadium op de sprintôfstân. Mei 38.44 waard se fjirde. Thijsje Oenema waard sânde yn 38.62 en Anice Das fjirtjinde yn 39.05. De winst wie foar olympysk kampioen Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä mei in baanrekôr fan 37.92.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)