Lintsje foar Pieter Meindertsma út Boerum
Pieter Meindertsma út Boerum hat sneontejûn in keninklike ûnderskieding krigen. De 50-jierrige Meindertsma waard lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy krige it lintsje fanwege syn wurksumheden foar de kristlike brassband Avendo, dêr't er sûnt 1985 foarsitter fan is.
Ek is Meindertsma warber foar de grifformearde tsjerke en de kristlike basisskoalle yn Boerum.