Unrêstige útgeansnacht yn Ljouwert
Ljouwert hat in ûnrêstige útgeansjûn achter de rêch, sa meldt de plysje. Op ferskate plakken yn de binnenstêd wie der sprake fan slaanderij en oare ynsidinten. De plysje hat fjouwer minsken oanhâlden foar mishanneling, belediging en it fersteuren fan de oarder.
Ek binne der ferskate boetes útskreaun foar wyldpisjen.