Friese Koers wol 10 miljoen foar nij Cambuur-stadion

16 nov 2014 - 08:16

De fraksje fan Friese Koers yn Provinsjale Steaten wol dat de provinsje tsien miljoen euro stekt yn de bou fan in nij Cambuur-stadion. Jelle Hiemstra ropt de provinsje op inselde bydrage yn it fuotbalstadion te stekken as dat yn de iishallen fan Ljouwert en It Hearrenfean dien is. Cambuur hat allinnich al fanwege de feiligens in nij stadion nedich, fynt Friese Koers.

Fierder wiist de partij op it positive imago foar Fryslân dat Cambuur hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)