Aris krekt net goed genôch tsjin Den Helder

Aris is de net yn slagge om de tredde winst fan it seizoen te pakken. Yn en tsjin Den Helder ferlearen de Ljouwerter basketballers mei 98-91. Healwei de wedstriid wie it gatsje mar twa punten: 48-46. Dat wie nei it tredde kwart noch sa: 69-67. It lêste kwart gong mei 29-24 nei thúsploech Den Helder. Miles Jackson-Cartwright wie mei 23 punten de tûkste Aris-spiler.