Tydlike Fryske tsiiswinkel iepene yn Amsterdam

15 nov 2014 - 12:20

Tsiismakker Martin Schyns út Lippenhuzen hat sneon in pop-up-winkel yn it sintrum fan Amsterdam iepene. Schyns is biolooch en ymker, en hy makket sûnt in pear jier ek tsiis. Hy hat mei syn produkten in skoft op de merk yn Ljouwert stien.

Schyns wol no de minsken yn de grutte stêd sjen litte wat it is om in produkt fuortendaliks fan de makker te keapjen. Sneontemoarn om tsien oere giene de doarren iepen fan syn tydlike winkel oan de Brouwersgracht.

Trefwurden: 
Amsterdam tsiis Martin Schyns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)