Ynskriuwe foar Talint foar Fryslân II net mear mooglik

15 nov 2014 - 07:29

Der kinne gjin oanfragen mear dien wurde foar de provinsjale stimulearringsregeling Talint foar Fryslân. Dy hat as doel jongeren oan in tydlike baan te helpen, sadat se wurkûnderfining opdwaan kinne. Fan ôfrûne moandei ôf koenen bedriuwen in oanfraach yntsjinje foar in subsydzje út de twadde edysje fan de regeling. Mear as 500 bedriuwen hawwe dat yntusken dien.

Omdat der romte is foar 100 jongeren hat de provinsje besletten om mei de ynskriuwing op te hâlden. Oft der ek in tredde edysje fan de regeling komt, wurdt noch besjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)