Flyers krije Tilburch foar it earst op 'e knibbels

De UNIS Flyers hawwe foar it earst dit seizoen wûn fan de Tilburch Trappers. Nei it ferlies yn de Super Cup en trije nederlagen yn de bekerronde waard no yn de earste kompetysjewedstriid in knappe 2-1 oerwinning behelle. De winst kaam ta stân yn de earste perioade. Tony Demelinne skoarde binnen twa minuten, en Andrew Krelove sette de Flyers sân minuten letter op 2-0. Tilburch kaam dêrnei mei in man mear op 2-1.
Yn de twa folgjende perioaden krigen beide ploegen folop kânsen, mar de punten bleaunen dizze kear op It Hearrenfean.