Moadewinkel Mango komt nei Raadhuisplein Drachten

14 nov 2014 - 21:09

Moadewinkel Mango komt nei Drachten. De winkel kriget in festiging mei sa'n 500 fjouwerkante meter yn it nije winkelsintrum Raadhuisplein. De Spaanske keten rjochtet him foaral op de moderne frou.

De komst fan Mango past yn it byld fan winkels oan it Raadhuisplein mei in wat mear moderne útstrieling. Sa as de Media Markt, Van der Velde Boeken, Sting en de Graancirkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)