'Spoedplein' De Tjongerskâns iepene

14 nov 2014 - 19:26

Pasjinten dy't op ien plak terjochte kinne foar alle earste help, dat is sûnt freed mooglik by sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean. Mei de iepening fan in saneamd 'spoedplein', hat it sikehûs de dokterswacht en de spoedeaskjende help no op ien plak ûnderbrocht. Neffens De Tjongerskâns kinne pasjinten hjirtroch flugger holpen wurde, omdat de pasjint letter net noch ris trochferwiisd hoecht te wurden nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)