Poepjes: Mear farsk iten nei de itensbank

14 nov 2014 - 15:50

Der moat mear farsk fleis en griente yn de pakketten fan de itensbanken. De provinsje Fryslân sil him hjir aktyf foar ynsette. Fanwege in beheinde hâldberheidsdatum, is it foar de itsensbanken lestich om farske produkten yn de pakketten te dwaan. Hjir sil de provinsje no by helpe. Fryslân is ien fan de earste provinsjes yn it lân mei sa'n inisjatyf.

De provinsje wol helpe mei jild foar bygelyks in goede frachtwein en in koeling. Ek sille meiwurkers fan de provinsje in hantsje helpe.

Supermerken en restaurants smite no tonnen oan iten fuort, wylst minsken mei jildkrapte it iten graach ha wolle. Ek de klanten wolle graach mear farske produkten lykas fleis en griente yn harren pakketten. Neffens de provinsje wurdt it iten sawiesa fuortsmiten. It is sadwaande folle better dat it by de minsken telâne komt dy it brûke kinne as dat it yn de jiske-amer ferdwynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)