Twa Drachtsters ferwûne nei stekpartij

14 nov 2014 - 12:31

By in stekpartij yn Drachten binne tongersdeitenacht twa Drachtsters ferwûne rekke. De mannen fan 30 en 34 jier krigen op de Hooizolder rûzje mei mekoar. By de fjochtpartij brûkten beide mannen in mes. Sy moasten nei it sikehûs.

De plysje woe beide manlju oanhâlde, mar de 34-jierrige naaide út. De man waard thús oanhâlden en wer nei it sikehûs brocht. Hy is dernei oanhâlden. De plysje siket in tsjûge op in fyts, dy't mooglik wat sjoen hat.

Trefwurden: 
Drachten stekpartij ferwûnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)