Wüst wint 3 kilometer yn Obihiro

14 nov 2014 - 12:02

Ireen Wüst fan It Hearrenfean hat by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Obihiro de 3000 meter wûn. De olympysk kampioene fersloech har konkurrinte Martina Sablikova fan Tsjechië yn in streekrjocht duel. Wüst ried mei 4.04.91 in baanrekôr. Jorien Voorhuis pakte it brûns.

It is foar Wüst de 24-ste wrâldbekeroerwinning yn har karriêre en de fjirde op dizze ôfstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)