Ljouwerter hâldt fytsedief oan

14 nov 2014 - 11:18

In 27-jierrige Ljouwerter hat tongersdeitemiddei de dief fan de fyts fan syn freondinne oanhâlden. De fyts fan de frou waard stellen op it Saailân. Doe't se dit oan har freon fertelde, gie dy op syk. Hy seach de 28-jierrige fertochte mei de fyts yn de Spoorstrjitte en hâlde him oan.

De plysje waard warskôge en naam de fertochte mei. Dy ferklearre dat hy de fyts fan in oar kocht hie. Der is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)