Drankriders trapearre yn Ljouwert

14 nov 2014 - 10:40

In 29-jierrige snorfytser út Ljouwert is tongersdeitejûn op it Suderplein yn syn wenplak trapearre op it riden mei drank op. De man hie ek gjin rydbewiis. Hy krige twa prosessen-ferbaal en in rydferbod fan fiif oeren.

Op de Easterkade waard in 56-jierrige automobilist út Ljouwert oanhâlden. Ek dy man siet mei drank op achter it stjoer. Der is proses-ferbaal opmakke. Hy mocht in oere net ride.

Trefwurden: 
rydbewiis drankride
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)