Feike Boschma ferstoarn
De yn Ysbrechtum berne marionettespiler en teatermakker Feike Boschma is op 93-jierrige leeftyd ferstoarn. Hy ferstoar nei in koart siikbêd. Boschma ûnwikkele syn poppespul yn de Twadde Wrâldoarloch en debutearre yn 1947 by Wim Sonneveld.
Boschma waard wrâldferneamd mei syn poppen. Yn 1983 krige Boschma de Wim Meilinkpriis foar syn oeuvre.