F-16's ûnderskeppe fleantúch

F-16 © ANP
Twa F-16's fan it detasjemint fan de fleanbasis Ljouwert dat tydlik yn Poalen stasjonearre is, hawwe tongersdei in Russysk Ilyushin fleantúch ûnderskept. Dat fleach boppe de see binnen de wetteren fan Estlân. De Nederlânske F-16's beskermje yn NAVO-ferbân it loftrom fan de Baltyske Steaten. It wie foar it earst dat it Ljouwerter detasjemint in Russysk fleantúch ûnderskepte. Takom wike rint de missy ôf.
In detasjemint fan de fleanbasis Volkel nimt it kommando dan oer.