Aksjegroep boykot De Friesland

14 nov 2014 - 06:31

Aksjegroep Red de Sionberg hat opnij in oprop dien om soarchfersekerder De Friesland-Achmea te boykotten en oer te stappen nei fersekerder DSW. De aksjegroep hâldt op 13 desimber in oerstapdei. Neffens de aksjegroep wurdt it sikehûs yn Dokkum ûnder rezjy fan De Friesland-Achmea fierder ûntmantele.

Ofdielingen wurde sletten en geane nei sikehuzen yn Snits of Drachten. Oerlis mei de soarchfersekerder hat neffens de aksjegroep neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)