Mylpeal útwreiding FrieslandCampina Ljouwert

13 nov 2014 - 22:05

Sneon wurdt by FrieslandCampina in mylpeal berikt by de útwreiding en de fernijing fan it bedriuw yn Ljouwert. It giet dan om de nije produksjehal foar kondinsearre molke, dat bestimd is foar de eksport. Der wurde sneon trije saneamde 'indampers' pleatst. Dizze binne bedoeld om wetter út de molke te ferdampen. De apparaten weagje goed 67 ton it stik en binne 28 meter heech. By de útwreiding giet it om in ynvestearring fan 110 miljoen euro. Earder waard ek al 48 miljoen euro ynvestearre yn de útwreiding fan de ferwurkingskapasiteit.

Mei de útwreiding spilet FrieslandCampina yn op twa ûntwikkelings. Dat is de tanommen fraach nei molkprodukten fanút foaral Afrika, Azië en Midden-Easten. En de ferwachte groei fan it tal liters molke dy't oanlevere wurde as it molkkwotum ferdwynt yn 2015.

Trefwurden: 
FrieslandCampina molke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)