Dongeradiel en Dantumadiel mooglik toch fierder mei Omrin

De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel oerwage om toch fierder te gean mei ôffalferwurker Omrin. Yn 2009 hawwe beide gemeente besletten om har oandiel te ferkeapjen, omdat der ûnwissigens wie oer de tariven en de prestaasjes fan de sintrale yn Harns. De ferkeap soe plakfine yn fiif fazen fan 2013 oant en mei 2017. No fine de kolleezjes fan beide gemeenten dat Omrin der op beide punten posityf útspringt. Boppedat moatte Dongeradiel en Dantumadiel ek rekken hâlde mei de beide fúzjepartners Kollumerlân en Ferwerderadiel, dy't by Omrin sitte.
De rieden fan Dongeradiel en Dantumadiel nimme yn desimber in beslút.