Ferskate ûngelokken yn de spits

13 nov 2014 - 18:09
Ungelok by Drachten op de A7 - Foto: Sicco Riedstra - Srfotografie

Op de A7 by Drachten en Terwispel en op de A32 ter hichte fan It Hearrenfean ha tongersdei oan de ein fan de middei ferskate ûngelokken plakfûn. By it ûngelok by Drachten binne twa minsken ferwûne rekke.

By it ûngelok by Terwispel rekke gjinien ferwûne. By It Hearrenfean wiene twa ûngelokken. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke. It ferkear moast yn alle gefallen rekken hâlde mei fertraging.

(advertinsje)
(advertinsje)