FNV: "Polityk moat yngripe yn taksywrâld"

13 nov 2014 - 16:38

Fakbûn FNV ropt de help yn fan de polityk om in ein te meitsjen oan de gaos yn de taksywrâld. It bûn is benaud dat de hiele taksywrâld op de flesse giet troch de oanbestegings, oernames en falliseminten. It giet dan om saken lykas de oanbesteging fan it Alliade-kontrakt, it fallisemint fan Taxi Oenema en de oername fan dit bedriuw troch Taxi Witteveen. Ek ferskate ûnderoannimmers hawwe it dreech as gefolch hjirfan.

Neffens bestjoerder Minke Jansma fan it FNV stiet de sektor swier ûnder druk en driigje klanten dêr de dupe fan te wurden.

Sûnder politike bemuoienis is it fakbûn benaud dat de taksysektor it net rêde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)