Cambuur spilet spektakulêr lyk tsjin Volendam

13 nov 2014 - 16:11
Cambuur-Twente - Foto: Dijks fotografie

SC Cambuur hat tongersdei yn in oefenwedstryd mei 4-4 lykspile tsjin FC Volendam. De Ljouwerters kamen yn Volendam al rap op in 2-0 efterstân. Goals fan Dejan Meleg en Michiel Hemmen soargen foar lykwicht. Foar rêst kamen de Volendammers op 'e nij op foarsprong, wêrtroch't it spektakulêre duel in 3-2 rêststân hie.

Yn de twadde helte skoarde Volendam noch ien kear. Martijn Barto tekene foar twa treffers en sette dêrmei de 4-4 einstân op it boerd.

(advertinsje)
(advertinsje)